Blauhûs betinkt ‘Tewerkgestelden’

Door: Henk van der Veer Cultuur en uitgaan
Blauhûs betinkt ‘Tewerkgestelden’
Blauhûs betinkt ‘Tewerkgestelden’ Foto aangeleverd

BLAUHUS- Sneon 4 maaie 2024 wurdt yn Blauhûs it ferhaal ferteld oer de mannen dy’t harren yn 1943 op befel fan de Duitsche Weermacht ferplicht melde moasten ‘voor den arbeidsinzet’.

Oeral hongen pamfletten mei de tekst “op bevel der Duitsche Weermacht moeten alle mannen in den leeftijd van 17 t/m 40 jaar zich voor de arbeidsinzet aanmelden. Op hen, die pogen te ontvluchten of weerstand te bieden, zal worden geschoten’. 

De Blauhústers Dominicus Bootsma, Wiebe de Witte en Durk van der Werf wegeren dat en sieten sadwaande lang ûnderdûkt yn de mûne-ûnderbou oan de Marfeart, tusken Greonterp en Blauhûs.

Klaas Bootsma fertelt 4 maaie it persoanlike ûnderdûk ferhaal fan syn heit Dominicus (1923 - 2023). At it koe wiene se oan it wurk mar soms wie der ûnrie, dan hong buorfrou de Witte in read kleed oan de line en bliuwden de mannen binnendoar. 

It ûnderwerp is tige aktueel, koartlyn kaam noch it boek ‘Tewerkgestelden, getuigenissen van de Artbeitseinsatz’ fan skriuwster Renske Krimp-Schraven út. Oer de heal miljoen twangarbeiders en it swijen en de bedrigingen fan nei de oarloch. It boek wie al gau útferkocht, begjin maaie wurdt de twadde printinge ferwachte. 

De Blauhúster betinking fynt plak op de Molepôlle oan dyk rjochting Greonterp en begjint 19.15 oere mei in stille tocht. Bern drage in gedicht foar oer frede en stilte, de fanfare spilet ‘Band of Brothers’, nei it ferhaal fan Bootsma is der krânslizzing, om 20.00 oere is it 2 minuten stil en wurde de folklieten spile. 

Elkenien is fan herte wolkom. 

Blauhûs betinkt ‘Tewerkgestelden’
Blauhûs betinkt ‘Tewerkgestelden’