Nynke Duijff winner Grut Frysk Diktee

Door: Henk van der Veer Cultuur en uitgaan
Nynke Duijff winner Grut Frysk Diktee
Nynke Duijff winner Grut Frysk Diktee Foto Hoge Noorden, Jacob van Essen

LJOUWERT- It Grut Frysk Diktee 2024 is wûn troch Nynke Duijff fan Damwâld. Mei mar 2,5 flaters wie dat resultaat goed foar it Gouden Dakje. Ekstra bysûnder om’t by Nynke in oantal jierren lyn de spiersykte ALS fêststeld is. Dêrtroch is sy har spraakfermogen sa goed as kwytrekke en ûnderfynt sy hieltyd mear problemen mei bewegen. Dêrom hat sy it diktee yn de steateseal makke op in spesjale laptop. Tegearre mei har soan Willem Duijff naam se it gouden dakje yn ûntfangst. 

Twadde waarden Mariska Velstra en Hessel Yntema, tredde Doutsen Jellema en Siegbert de Jong. Der diene fan ‘t jier ek wer fiif teams mei. Dy strieden tsjininoar en dêrby wienen fan de Freonen fan Fryske ynstellingen mei gemiddeld 12,6 flaters it winnende team. Se waarden folge troch de studinten út Amsterdam (yn trochsneed 26,5 flaters) en it tredde plak wie foar it team fan Harkemase Boys (trochinoar 39,9 flaters). 

De tekst fan it diktee wie skreaun troch waar- en klimaatsaakkundige Gerrit Hiemstra en hie as titel ‘Ofskied fan ‘e winter’. Yn sân sinnen joech Hiemstra oan dat it klimaat feroaret. As wy dêr wat oan dwaan wolle, dan moatte wy ôfskied nimme fan ús hjoeddeiske libbenswize, der moat in transysje komme, foaral yn it tinken. De eardere waarman makke de dielnimmers kjel mei kerbûstich en ûnlijich waar en wurden as eazjende stjalprein. Ek Jûkelburd en Rûchburd, as oantsjuttingen foar Kening Winter kamen del om de dielnimmers te pleagjen.

Sjuery
De sjuery bestie út dosinte Frysk Rianne Blokzijl, ûnderwiisadviseur Grietje van der Weg (Cedin) en taalkundige Hindrik Sijens (Fryske Akademy). It Grut Frysk Diktee wurdt organisearre troch de Afûk, it Cedin, de Fryske Akademy, Omrop Fryslân en Provinsje Fryslân.

Weromsjen
It diktee is werom te sjen by Omrop Fryslân.