Werprintinge Jentsje-boekjes: se bliuwe populêr

Door: Henk van der Veer Cultuur en uitgaan
Werprintinge Jentsje-boekjes: se bliuwe populêr
Werprintinge Jentsje-boekjes: se bliuwe populêr Foto aangeleverd

SNITS- Seis Jentsje-boekjes ferskine op ’e nij yn in werprintinge fan 1000 stiks de titel. Al sûnt 1981 jout de Afûk de populêre rige mei Jentsje-boekjes út. Ferskynden der yn 1981 earst trije titels (Jentsje syn bear, Jentsje syn koekje, Jentsje syn auto), de searje waard stadichoan útwreide nei tsien titels. Dêrfan ferskine de seis dy’t ek yn 2007 en 2015 as kartonboekje útbrocht binne, no opnij yn in werprintinge fan 1000 eksimplaren per titel. 

Heiten en memmen dy’t sels mei de Jentsje-boekjes opgroeid binne, kinne de boekjes dus no ek wer foarlêze oan harren eigen bern. De oarspronklike Sweedske útjeften bestiene út tekeningen mei twa of trije wurden derby. Yn de Fryske edysje hat Janny Vledder-van der Knoop (1925-2007) doedestiids by elke yllustraasje in rymke makke fan fjouwer rigels. Dy rymkes ha der mei foar soarge dat de boekjes sa’n sukses waarden. Yn it ferline kamen der wol bern yn de winkel fan de Afûk dy’t it hiele boekje út ’e holle koene. Dat de boekjes it jonge publyk noch hieltyd oansprekke, docht wol bliken út de foto’s dy’t no ynstjoerd wurde op de Facebookside fan heit&mem, dêr’t ek in filmke by sit fan in fiifjierrich famke dat it boekje út ’e holle ‘foarlêst’.

De mem fan Jentsje

De boekjes ferskynden earst as ynbûne printeboekjes, mar de lêste trije printingen (seis titels) binne útjûn as kartonboekjes: yn 2007 en 2015 en no yn 2024 dus wer. Yn 1995 presintearre de Afûk it 25.000ste Jentsje-boekje; mei de boekjes dy’t dêrnei noch printe binne, komt it totale oantal op in lytse 70.000 boekjes fan dat lytse mantsje! Iteke van der Pol-Vledder, de dochter fan Janny, is dêr wakker wiis mei: “Sa moai dat ús mem op dizze wize noch hieltyd in bytsje trochlibbet as de mem fan Jentsje”. 

Boekgegevens: ISBN 9789062737116 Jentsje syn auto ISBN 9789062737123 Jentsje syn pot ISBN 9789062737130 Jentsje syn bear ISBN 9789062737147 Jentsje yn ’t bad ISBN 9789062737154 Jentsje syn pemper ISBN 9789492176073 Jentsje syn koekje auteur Sweedske útjefte: Barbro Lindgren, yllustraasjes Eva Eriksson auteur Fryske edysje: Janny Vledder-van der Knoop Utfiering: karton Ferkeappriis: € 9,95 www.websjop.afuk.frl